Letters Cambuur stellen

23 aug 2010 - 15:22

Letters fan it wurd Cambuur binne fan de muorre fan buerthús Cambuursterhoek ôfstellen. Der is op it heden in gat tusken de wurden Buurthuis en sterhoek. It buerthús yn 'e wyk Cambuur is goed in jier lyn opknapt en doe krige it gebou ek dy namme op de muorre.

Reparaasje kostet gau 1000 euro. It duorret ek gau twa moannen foar't der wer nije letters binne. De behearder is op 'e hichte steld en der is yntusken oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)