Ofspraken Gordykster swimbad

23 aug 2010 - 15:08

De gemeente Opsterlân en de behearder fan it iepenloftswimbad fan De Gordyk sille der alles oan dwaan om de kosten fan it swimbad werom te bringen. Dat hawwe se moandei ôfpraat. It swimbad hat te krijen mei in jierliks tekoart fan sa'n 40 tûzen euro. Dat komt benammen troch de hege enerzjykosten.

Moandei is ôfpraat dat se ûndersykje sille hoe't dy kosten sakje kinne. Dêrneist sil de behearder besjen hoe't it swimbad noch oantrekliker makke wurde kin foar de besikers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)