Djoer ritsje Noardwâldster

23 aug 2010 - 11:41

In 40-jierrige Noardwâldster hat snein in djoer ritsje makke. De plysje seach de man riden op de Grutte Weegbree yn Wolvegea. Om't bekend wie dat de man noch trije boetes betelje moast, waard er oan de kant set.

De Noardwâldster moast mei nei it buro. Nei't er in boete fan goed 500 euro betelle hie, mocht de man wer nei hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)