Mishanneling yn Ljouwert
In 49-jierrige Ljouwerter is sneintejûn yn syn eigen wenning oan de Schieringen mishannele. De man hie in saaklik skeel mei in 43-jierrige Ljouwerter. Dy socht him mei in groep freonen thús op.
Doe't it slachtoffer de doar iepen die, waard hy fuortendaliks skopt en slein. Dêrnei pakte de 43-jierrige Ljouwerter de beurs fan de man en naaide de groep út. De plysje koe de fertochte thús oanhâlde.
Trefwurden:
argyf