Schuil wer Nederlânsk kampioen

23 aug 2010 - 10:45

Ald Ljouwerter Richard Schuil is mei syn maat Reinder Nummerdor foar de fjirde kear op rige Nederlânsk beachfollybalkampioen wurden. Yn de finale wie it duo mei 19-21, 21-16 en 15-12 te sterk foar Emiel Boersma en Daan Spijkers.

Schuil en Nummerdor gongen as grutte favoriten de finale yn. Mar nei it sukses fan de Europeeske titel fan ferline wike hienen se muoite om harren wer op te laden. Mei dêrtroch waard it in hiel spannende wedstryd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)