Dieven bierkratsje oppakt
Twa jonges út Nijmegen binne sneintenacht yn Makkum oanhâlden nei't se by rekreaasjesintrum De Holle Poarte in leech bierkratsje stellen hiene. In nachtwaker trapearre it duo op 'e died doe't se it kratsje fuorthellen by it restaurant.
De plysje hat de twa jonges fan 17 jier meinaam nei it plysjeburo.