Man mei baltsjespistoal oppakt

23 aug 2010 - 09:56

De plysje hat sneintemiddei in 24-jierrige Ljouwerter oanhâlden dy't mei in saneamd baltsjespistoal oer strjitte rûn. In plysjeman seach de man yn it sintrum rinnen en warskôge syn kollega's.

De man waard meinaam nei it buro. Der krige hy in proses-ferbaal. It pistoal is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)