Papadopulos yn etalaazje

23 aug 2010 - 09:19

Michal Papadopulos en Igor Djuric meie fan SC Hearrenfean omsjen nei in oare klup. Beiden komme net yn de ideeën foar fan trainer Ron Jans en se sieten by de wedstriid tsjin NAC Breda op de tribune.

Djuric is helle foar oardel miljoen euro fan Vojvodina Novi Sad, mar wist nea in basisplak te feroverjen. Papadopulos kaam ferline seizoen oer fan FK Mlada Boleslav, mar is sûnt de komst fan Bas Dost op tredde plan telâne kaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)