Deadlik ûngelok Ljouwerter

Foto: Nicolaas Kerkmeijer
In 52-jierrige Ljouwerter is snein ferstoarn nei in frontale botsing op de N332 tusken Holten en Lochem. In 31-jierrige frou út Ljouwert dy't by de man yn de auto siet rekke slim ferwûne.
Harren auto waard oanriden troch in auto mei in 44-jierrige man út Neede achter it stjoer. Troch noch ûnbekende oarsaak kaam de auto op de ferkearde kant fan de dyk. De man en in passazjier rekken ferwûne, lykas in hûn dy't yn de auto siet.