Snitser pakt foar stellen boat

Yn Snits hat de plysje sneontejûn in ynwenner (39) út de stêd oanhâlden. Der soe in stellen boat yn de wenboatehaven lizze. Doe't de plysje dêr kaam, wie de boat fuort. In man draafde hurd fuort. Efkes letter koe er oanhalden wurde. Hy wurdt fertocht fan it helen fan de boat.
Ut ûndersyk die bliken dat de boat earder stellen wie. De boat is yn beslach nommen. De fertochte sit fêst foar fierder ûndersyk.