Jildou Gemser yn kommisje ISU

Jildou Gemser (foto: Martin de Jong)
Jildou Gemser (38) is de nije fertsjintwurdiger yn de Technyske Kommisje Langebaan fan de ISU. De KNSB wie al fjouwer jier net mear fertsjintwurdige yn dizze kommisje.
Gemser hat in protte ûnderfining. Se wie reedrydtrainster yn Denemarken, Frankryk, Switserlân en Sweden. Se wit ek wat spilet op it mêd fan opliedingen en ynnovaasje. Har omke is âld-bûnskoach Henk Gemser. Se wennet yn Terherne en hat ûnderwiiskunde studearre.