Nije foarsitter Radio Eenhoorn

Jaap Sytsma (56) is de nije foarsitter fan de lokale omrop Radio Eenhoorn. De Frjentsjerter folget Bart Goeman Borgesius op. Dy hâlde op fanwegen syn wurk as riedslid
Sytsma hat ûnderfining mei de lokale omrop. Sa wurke er earder as frijwilliger by lokale omroppen yn Ljouwert en Anna Paulowna. Radio Eenhoorn hat 120 frijwillgers dy't útstjoerings fersoargje foar harkers yn de gemeenten Menameradiel, Frjentsjerteradiel en It Bilt.