Wat fan fiadukt ôf smiten

22 aug 2010 - 12:18

Fjouwer jonges hawwe sneontejûn by Oerterp fan in fiadukt ôf in foarwerp nei in auto goaid. It wie moogik in stien. Dy kaam telâne op it foarrút fan in auto fan in autobestjoerder (36) en syn passazjier dy't op de A7 rieden. Se kamen mei de skrik frij.

De plysje waard fuortdaliks warskôge oer it foarfal. Yn de omjouwing is troch plysjes in sykaksje hâlden om de fjouwer jonges te finen, mar dat is net slagge. De plysje freget tsjûgen har te melden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)