Drokte op multykulty-festival

22 aug 2010 - 08:50

Yn Drachten hawwe sneon goed 2500 minsken it multykultureel festival 'Ticket to the Tropics' besocht. Dat meldt de organisaasje fan it festival.

Op in grut fjild op de Sportleane koene besikers by trije poadia genietsje fan wrâldmuzyk en dûnsoptredens. Ek koe meidien wurde oan ferskate workshops. Haadact fan it festival wie in optreden fan Ashwin Jaydee mei de band Rootsriders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)