Gary Hekman kampioen yn Hallum

21 aug 2010 - 22:36

Gary Hekman is sneon yn Hallum iepen Nederlânsk kampioen skeelerjen wurden. De ynwenner fan Gramsbergen wie nei 100 kilometer de rapste fan in kopgroep fan sân man. Troch de hurde wyn en de lingte wie dizze 23ste edysje fan de Bartlehiemtocht wer ris âlderwetsk dreech.

Karlo Timmerman fan Grins, de winner fan ferline jier, waard twadde. Gerwin Smit fan Staphorst kaam as tredde oer de einstreek. Durk Fabriek fan Jobbegea waard njoggende.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)