Trouamtner yn styl ôfswaaid
Trouamtner Harry Wiersma hat yn it stedhûs yn Ljouwert ôfskied naam. Om dêr stil by te stean, kamen sa'n hûndert minsken del om mei him te fûstkjen. Dat diene se yn styl, want se lutsen de trouklean oan.
Harry Wiersma, ek wol bekend as de Sinteklaas fan Ljouwert, hat yn trettjin jier hiel wat stellen troud.