Rutmer v/d Meer wint Bitgum

Taeke Triemstra (foto: Henk Bootsma)
Rutmer van der Meer hat sneon it keatsen yn Bitgum wûn. Op de útnoegingspartij wie er mei Taeke Triemstra en Marten Feenstra mei 5-0 en 6-0 te sterk foar PC-kening Gert Anne van der Bos. Dy keatste mei Hylke Bruinsma en Pier Piersma.
De publykspriis gie nei Taeke Triemstra. By de froulju wûn Afke Hijlkema freed mei Linda Terpstra en Sjoukje Visser. Se fersloegen Margriet Koelmans, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma.