Winkeldief trappearre

In befeiliger hat freed yn in winkel yn Ljouwert in winkeldief oanhâlden. Personiel fan de winkel seach dat de Ljouwerter (37) foar in pear hûndert euro oan multyfitamines, poeiers en kapsules meinimme woe sûnder te beteljen. Syn soan (2) wie by him.
De man is oerdroegen oan de plysje. De Ljouwerter wurdt derfan fertocht dat er earder ek al stellen hat by de winkel. De fertochte sit fêst. It jonkje is opfongen troch syn mem.