Tsjûge achter ynbrekkers oan

© Omrop Fryslân
Twa ynwenners fan De Westereen binne freedtejûn oppakt. Se hiene ynbrutsen yn it jeugdhonk fan Eanjum. In tsjûge dy't de hûn oan it útlitten wie, hearde wat bonken by it honk kommen en seach letter in auto fuortriden.
De tsjûge gie der mei in freon yn de auto achteroan. De auto mei de ynbrekkers fûnen se werom yn in stik lân. Dy naaiden út. De tsjûge gie der achteroan. De plysje koe de auto by Wâlterswâld oanhâlde. Beide manlju binne oanhâlden.