Opslach skoalle ôfbaarnd

21 aug 2010 - 12:20

Op De Gordyk is freedtenacht de opslach fan basisskoalle De Tsjerne ôfbaarnd. De plysje tinkt dat de brân oanstutsen is en docht ûndersyk nei de oarsaak. Yn de skuorre leine bûtenboartersguod en skelters opslein.

De flammen sloegen metersheech út it skuorke, mar de brânwacht koe wol foarkomme dat it fjoer oersloech nei it skoalgebou sels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)