IFKS skûtsje by Sail omslein

20 aug 2010 - 18:34

By in wedstryd fan tsien IFKS skûtsjes freedtemiddei op it IJ yn Amsterdam is it skûtsje 'De stêd Sleat' fan Hillebrand de Vries omslein. Dit wie it gefolch fan de hurde wyn. Alle minsken op it skûtsje koene feilich oan de wâl komme. It skûtsje sels wie ek wer gau oerein set.

De winst gie nei it skûtsje de Harmonie út Boalsert fan Floris Bottema. Der wiene sa'n 2500 taskôgers by it it sylevenemint, dat plakfûn yn it ramt fan Sail.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)