Agressive stapper oppakt

20 aug 2010 - 11:49

De plysje hat tongersdeitenacht yn Ljouwert in agressive stapper oanhâlden. De 17-jierrige Ljouwerter wie belutsen by in rúzje yn de Alde Doelesteech. Doe't de plysje oankaam stapte de jonge agressyf op harren ôf en begûn te razen.

Doe't de jonge tsjin in rollûk sloech waard hy oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)