Stilstean by dea ringrider

© Omrop Fryslân
By it Bikefest yn Himmelum wurdt sneon stilstien by de dea fan Diedert Schilstra (74) út Himmelum. Hy kaam woansdei om it libben nei in slim ûngelok mei it ringriden yn Sleat. De menner ferlear de kontrôle oer it hynder en fleach mei syn byrydster (45) út de wein. Schilstra ferstoar yn it sikehûs yn Grins.
De byrydster rekke ferwûne. De flagen by it festival yn Himmelum hingje sneon healstôk. Dêrneist hâldt de organisaasje oan it begjin in taspraak.