Swimme yn Lytse Wielen mei wer

20 aug 2010 - 10:33

Der kin wer swommen wurde by De Lytse Wielen yn Ljouwert. It negative swimadvys fan de provinsje foar it bûtenwetter fan it rekreaasjegebiet is ynlutsen. Dat advys wie ôfjûn om't der blau-alch fûn wie. Swimmen en baaien waard derom sterk ôfret.

Swimmers moatte noch wol foarsichtig wêze want de blau-alch is noch net hielendal fuort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)