Oanhâlding duo foar berôving

20 aug 2010 - 09:42

De plysje hat in Ljouwerter (53) en in frou (25) út Berltsum oanhâlden dy't in Ljouwerter (19) berôve hiene. It slachtoffer krige tongersdeitejûn op de Foarstreek in lift oanbean troch it duo. Op de Harnzersingel by it byld fan Us Mem waard de jonge twongen syn beurs en gsm ôf te stean.

In taksysjauffeur seach dat it barde en belle de plysje. Dy hat it duo oanhâlden. Se sitte fêst. Opmerklik wie dat ek ek it soantsje (3) fan de frou yn 'e auto siet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)