Thewis Hobma: fierste ljepper

Thewis Hobma yn aksje op It Heidenskip (foto: Martin de Jong)
Thewis Hobma hat tongersdei op It Heidenskip mei in persoanlik rekôr fan 20.36 de útstelde ljepwedstriid yn de 1e klasse wûn. Hobma ljepte yn de finale noch in kear oer de 20 meter: 20.26. Oane Galama wie op syn thúsbarte de twadde mei 19.64.
By de junioaren wûn Nard Brandsma mei in persoanlik rekôr fan 19.74. Bart Hiemstra folge ek mei in pr fan 19.52. Age Hulder wie wer fierwei de bêste by de jonges mei 18.69. Anna Jet Leyenaar wûn by de froulju mei 15.19.