Jan Bos de rapste yn Boalsert
Jan Bos hat tongersdeitejûn de Ronde fan Boalsert wûn. De hurdfytser fan Nijhoarne wie yn de einsprint rapper as de Sinees Feng Han en Rudy Vriend fan Schagen (Noard-Hollân). Dit trio wie oerbleaun út in sterke kopgroep fan sechstjin man.
In protte publyk seach in moai kritearium, mei in sterke winner. Foar Jan Bos wie it de alfde oerwinning fan it seizoen. Pieter Postma fan Tsjerkgaast waard fiifde, Harry Sweering fan Snits sânde.
Trefwurden:
argyf