Gjin strjitnamme fersetslieder

© Omrop Fryslân
Fersetsman Sjoerd Wiersma fan De Jouwer krijt nei alle gedachten net in strjitte nei him neamd. Dat wie de winsk fan de Jouster Uiltsje Venema. Hy hie der by de gemeente op oantrune omdat Wiersma mear as 600 Joaden rêden hat tidens de Twadde Wrâldoarloch. In strjitte soe de fersetsman de erkenning jaan dy't hy fertsjinnet.
Neffens it kolleezje fan b. en w. fan Skarsterlân is der noch in kâns dat in plein of in oar iepenbier gebiet nei him neamd wurdt.