Nije webside Gewoan Meidwaan

Under de namme Gewoan Meidwaan is troch de WMO advysried Tytsjerksteradiel en wolwêzen-organisaasje Kearn in nije webside lansearre. De side wol in rol spylje yn it sammeljen en trochjaan fan inisjativen út de doarpen yn de gemeente Tytsjerksteradiel.
Om ien en oar foarm te jaan wurde yn de hjerst yn alle doarpen byienkomsten holden. Sintraal dêrby stiet de fraach wat bewenners sels dwaan kinne om de mienskipssin te befoarderjen.