Jan de Jonge net nei Emmen

Jan de Jonge bliuwt by It Fean
FC Emmen hat Jan de Jonge benadere foar de funksje fan haadtrainer, mar hat dêr in negatyf antwurd op krigen. Neffens Emmen-direkteur Gerrit Volkers hat De Jonge oanjûn by Hearrenfean bliuwe te wollen. De Jonge is no haad opliedings by Hearrenfean.
De Jonge wie earder al ris trainer by Emmen mar jout oan it te drok te hawwen by Hearrenfean. FC Emmen en Hearrenfean ha in gearwurkingsferbân. Emmen hopet dat It Fean Emmen helpe sil te sykjen nei in nije trainer.