Tsjinstplicht ropt Väyrynen

Mika Väyrynen (foto: Dirk Jan Haarsma)
Hearrenfeanfuotballer Mika Väyrynen is foar in dei werom nei syn heitelân om syn tsjinstplicht ôf te meitsjen. Yn Finlân moatte je noch yn tsjinst.
Väyrynen hat yn de simmer al in pear wiken yn tsjinst west, no moat er noch oanwêzich wêze by de ôfslutende seremoanje. De middenfjilder mist dêrtroch freed de lêste training. Väyrynen is wol wer op tiid werom foar de wedstriid fan sneon tsjin NAC Breda.