Twa kear slagge wikseltrúk

19 aug 2010 - 15:20

Yn Ljouwert en Burgum binne woansdei twa âlde minsken de dupe wurden fan in wikseltrúk. Yn Ljouwert waard op de Borniastrjitte in 83-jierrige Menamer oansprutsen troch twa man om in euro te wikseljen. It slachtoffer waard troch ien fan de mannen ôflaat en nei't de fertochten fuort wiene miste de Menamer hûndert euro út syn beurs.

Yn Burgum waard yn in winkel oan de Tsjibbe Geartsstrjitte in 87-jierrige ynwenster út Oentsjerk troch in man benadere om in euro te wikseljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)