Soargen oer nij Thialfstadion

It Thialfstadion fan no (foto: Martin de Jong)
It CDA-Hearrenfean makket him soargen oer de plannen fan it nije Thialfstadion. Neffens de partij is der ûnienichheid yn de rezjygroep Nieuw Thialf dy't oer de bou giet. Dêr sitte de gemeente Hearrenfean en de provinsje Fryslân yn.
De provinsje stelt dúdlik easken oan de bou fan it stadion en wol allinnich jild jaan as de KNSB en oare partijen dat ek dogge. It CDA wol witte oft de gemeente it dêr mei iens is.