Skoalferlitters oan 't wurk

19 aug 2010 - 14:32

Eaststellingwerf wol skoalferlitters ynsette foar it opromjen en opknappen fan fûne fytsen. Sûnt oardel jier moat de gemeente dêr sels op passe. Jierren wie dat in plysjetaak mar troch besunigings kin dat net langer. Dat jout lykwols in soad ekstra wurk. Sa moatte de fytsen ophelle, registrearre en eventueel opknapt wurde.

Om dat wurk te dwaan wol de gemeente jongeren ynsette dy't sûnder diploma fan skoalle gien binne. Dy soene dan wat wurkûnderfining opdwaan kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)