Cambuur yn deselde opstelling

19 aug 2010 - 13:09

Cambuur begjint freed yn de earste thúswedstriid fan it seizoen yn deselde opstelling as ferline wike. Doe waard mei 1-0 wûn yn en fan Dordrecht.

Sandor van der Heide is mooglik noch in twivelgefal. De middenfjilder is fan 'e wike tidens de training troch de rêch gien. Trainer Menzo wie net te sprekken oer it trainingsfjild op De Hertgang. It gers is te lang en dat noasket de trainer net. Hy fynt it ûnprofesjoneel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)