Mear wurkleazen yn Fryslân

It tal wurkleazen yn Fryslân is omheech gien. Oan de ein fan de moanne july steane der hast 21.000 minsken ynskreaun as wurksykjend. In jier ferlyn wiene dat noch hast 19.500, in stiging fan 7,7 prosint. Sjoen oer de moanne july fan dit jier is de wurkleazens mei 1,9 prosint tanaam.
De grutste stiging is te sjen by boufakkers, oannimmers, ynstallateurs en yn de hoareka. Yn Ljouwert en Snits naam it tal wurkleazen it meast ta. De sifers komme fan it UWV.