H'mase Boys op Omrop Fryslân

19 aug 2010 - 12:03

De gearfettings fan de wedstriden fan de Harkemase Boys yn de nije topklasse binne dit seizoen gewoan te sjen by Omrop Fryslân. TV stjoerder RTL 7 soe dizze wike begjinne mei in spesjaal topklasse programma op sneon en snein. Dan mochten de regionalen gjin bylden mear útstjoere. Mar it programma op RTL giet foarearst net troch.

Der is net genôch jild en de topklasseklups binne ûngelokkich mei it kontrakt dat se tekenje moatte mei produksjebedriuw Eyeworks.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)