Fytsende jonges oanriden

De fytsers klapten op it autorút (foto: Marc Stijger/112Nederland)
Twa jonges út Burgum en Drachten binne woansdei ferwûne rekke by in oanriding yn Drachten. It giet om in 16 en in 17-jierrige jonge. Se sieten op ien fyts en giene rjochting it sintrum.
By de Tjaardaflats kaam in 24-jierrige automobilist fan De Jouwer oanriden. Neffens tsjûgen ried er behoarlik hurd en seach er de twa jonges dêrtroch oer de holle. Dy klapten op syn auto en kamen hurd op 'e dyk telâne. De twa binne mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.