Priis keaphuzen wer heger

19 aug 2010 - 10:48

De prizen foar keaphuzen yn Fryslân binne yn july foar de fjirde moanne op rige wer heger as foarich jier. Dêrmei giet Fryslân mei Utert en Grins yn tsjin de lanlike trend dat de prizen fan wenten just sakje. De prizen yn july fan dit jier wiene 0,9 prosint leger as july 2009. Foaral de prizen fan frijsteande huzen sakken mei 2 prosint sterk.

As de prizen fan july fergelike wurde mei de sifers fan juny dit jier, dan binne de prizen mei 0,6 prosint heger.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)