Brânstifting luifel restaurant

19 aug 2010 - 10:43

Op It Hearrenfean is woansdeitenacht de gloednije luifel fan in restaurant yn 'e brân stutsen. It restaurant sit oan de Achter de Kerk. Tsjûgen seagen de luifel baarnen en bellen de helptsjinsten.

De brânwacht hie it fjoer gau út. De 29-jierrige eigner fan it restaurant hat oanjefte dien, de plysje docht ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)