Goed 220 'twichts' ynstjoerd

19 aug 2010 - 10:22

Op de twitter-gedichtewedstryd fan Tresoar en It Fryske Boek binne oan no ta goed 220 reaksjes ynkaam. Elk kin oan de wedstryd meidwaan troch in gedichtsje fan maksimaal 140 tekens op de berjochtewebside op ynternet te pleatsen.

Dy saneamde twichts binne neffens Andries Stienstra fan Tresoar net allegear like goed mar der sitte dochs aardich wat tusken fan hege kwaliteit. De wedstryd is goed trije wiken lyn begûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)