Slim hynste-ûngelok yn Sleat
By it ringriden yn Sleat woansdeitejûn is in man (74) út Himmelum omkaam. De man die mei in frou (45) út Wikel mei oan de ringriderij. Yn de finalerit op de Dûbelstrjitte gie it hynder op 'e rin en bruts de leie. De man besocht it hynder yn de smelle strjitte ûnder kontrôle te krijen mar dat slagge net.
De man en de frou slingeren út de wein. De frou bruts har earm, de man waard mei slim harsenletsel nei it sikehûs fan Grins brocht. Dêr is er tongersdei ferstoarn.
Trefwurden:
argyf