Utwreiding Damshûs tichterby

De útwreidingsplannen fan museum it Damshûs yn Nij Beets binne in stap tichterby kommen. De gemeente jout it museum 50.000 euro as stimulâns foar it ferpleatsen fan it parkearterrein.
Minsken moatte no parkeare op it âlde terrein fan de supermerk. As it drok is rint it doarp fol mei besikers dy't oeral de auto delsette. Fierders wol it museum in nij besikerssintrum bouwe. Dêrtroch komt de yngong fan it iepenloftmuseum oan in oare kant te lizzen.