Twitter helpt plysje

De plysje wol Twitter folle faker ynsette om misdieden op te lossen. Neist de meldkeamer en de parsefoarljochting moatte ek de Fryske buertaginten meikoarten oan de slach mei it ferstjoeren fan koarte berjochten fia ynternet.
De meldkeamer brûkt it systeem no goed oardel moanne en neffens de plysje binne dêrtroch al ferskate misdieden oplost. Sa binne stellen auto's weromfûn en ek fermiste bern wiene al gau wer te plak.