Friezen by talintejacht op tv

18 aug 2010 - 12:12

Adonis Showakrobatyk út Drachten makket kâns op in finaleplak yn Holland's Got Talent. Freed stiet de groep mei 15 bern yn de twadde heale finale fan it tillevyzjeprogramma. De Drachtsters dogge gewoanwei mei teams fan twa of trije mei oan wedstriden yn sportakrobatyk. Spesjaal foar Holland's Got Talent hawwe sy in showteam gearstald.

Mei in akrobatyske show fan 2 minuten moatte sy freed yn in liveprogramma it publyk en de sjuery oertsjûgje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)