Plysje pakt selde man twa kear

18 aug 2010 - 11:52

De plysje hat tiisdei op 'e Lemmer in ynwenner (26) oanhâlden foar iepenbiere dronkenskip. De man hie oan it begjin fan de jûn al in bekeuring krigen om't er mei in flesse drank dy't iepen wie oer strjitte rûn. De drank waard yn beslach naam.

Letter seach de plysje de man wer rinnen. Hy hie krekt by de supermerk in nije foarried drank kocht. Om fierdere oerlêst foar te kommen is de man oanhâlden en nei it plysjeburo brocht. Letter is er wer frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)