Oerlêst Weaze oanpakke

De gemeente Ljouwert wol de oerlêst op De Weaze yn de stêd hurd oanpakke. Minsken dy't foar problemen soargje yn in saak mei in prostituee meie yn it hiele gebiet net mear yn in gelegenheid komme. Mei dizze maatregel hoopje de gemeente en de ûndernimmers op De Weaze dat oerlêst minder wurdt.
Freed sille boargemaster Crone fan Ljouwert, de plysje en ûndernimmers alle plannen foar de oanpak bekend meitsje.