Famke falt fan trep

18 aug 2010 - 09:59

In famke fan 2 is woansdeitemoarn betiid fan de trep fallen yn Langwar. Dat wie yn in wenning oan de H.R. Vierstrastrjitte. It is noch net dúdlik hoe't it famke falle koe.

Troch ambulânsepersoniel is se stabilisearre. Dêrnei is se mei de traumahelikopter nei it Universitair Medisch Centrum yn Grins brocht. Wat de ferwûnings krekt binne, is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)