Folkstunen leech stellen

17 aug 2010 - 19:33

Dieven hawwe de folkstunen op De Lemmer leechstellen. Der binne ûnder oare beantsjes, reade koal, jirpels en rabarber meinommen. Neffens de túnkers foar konsumpsje. Se hawwe gjin idee wa't it dien hat. De folkstunen binne maklik tagonklik en der is gjin tafersjoch. Oanjefte dwaan hat neffens de eigners dan ek gjin nut.

Der is ek noch net neitocht oer maatregels, want it is hiel lestich om tafersjoch te hâlden by de folkstunen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)