Ungelok knooppunt It Fean
By it knooppunt by It Hearrenfean hat tiisdei in slim ûngelok west. In auto dy't fan De Jouwer ôf de ôfslach nei Zwolle nimme woe, sloech op de ferbiningsdyk tusken de A7 en de A32 oer de kop. De twa minsken yn de auto rekken beknipe. Se binne mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.
De ferbiningsdyk hat in skoft ôfsletten west.
Trefwurden:
argyf